Reding: lear de buor-talen

12 apr 2003 - 00:00

Alle Europeanen moatte njonken de memmetaal noch op syn minst twa oare talen leare. Allinnich Ingelsk is net genôch. Europeanen moatte har foaral rjochtsje op de talen fan 'e buorlju. Europees Kommissaris Viviane Reding sei dit de ôfrûne wike op in konferinsje oer har 'aksjeplan foar taalferskaat'.

Reding fynt dat Europa besykje moat om 'alle lytse en bedrige talen' te rêden. Reding komt fan Lúksemboarch en praat sels ek in lytse taal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)