Rêders Muntsjesyl eare

10 feb 2012 - 18:47

Yn doarpshûs De Warf yn Warfstermûne binne freed twa ûnderskiedingen útrikt fan it Carnegie Heldenfonds oan Jan Pieter Kloppenburg en syn soan Jan Jilje út Muntsjesyl. Sy rêden op 29 jannewaris 2011 it libben fan Sijke Haagsma en har dochter Judith, beide út Boerum. Frou Haagsma bedarre troch noch ûnbekende oarsaak mei har auto yn de slip en kaam yn it wetter oan de Olde Borchweg. De beide Kloppenburgs lutsen de auto mei in trekker út it wetter.

De famylje is har dêr sa tankber foar, dat se de ûnderskieding oanfrege hawwe. Judith Haagsma rekke swier ferwûne en moast reanimearre wurde. Se hat wiken yn koma lein, mar hat it úteinlik wol rêden. Har mem rekke ûnderkuolle en krige longproblemen. De ûnderskieding waard útrikt troch boargemaster Bilker fan Kollumerlân. De beide rêders reagearren nochter op de ûnderskieding. Jan Pieter Kloppenburg: "Wy binne der bliid mei, mar it hie net nedich west".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)