Rederij Doeksen ferfiert wer sike seehûnen

20 nov 2014 - 13:36
  • Seehûn

Rederij Doeksen sil dochs wer sike seehûnen ferfiere mei de fearboat. Dat seit direkteur Paul Melles fan rederij Doeksen. Earder hie de rederij besletten op te hâlden mei it ferfier fan de bisten, nei't Doeksen dat advys krigen hie.

De sike bisten soene in gefaar wêze foar de sûnens fan de reizgers. Mar omdat der ek oare lûden wiene, gie Doeksen om tafel mei Ekonomyske Saken, RIVM, en GGD Fryslân. Dy sizze dat der gjin gefaar is en dus kinne de seehûnen wer mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)