Redaksje Wis-In hâldt op

06 mrt 2007 - 16:09
  • Mei Jan Braaksma hâldt de hiele redaksje fan 'Wis-in' der mei op.
  • It duorret grif noch even ear't de earstfolgjende Wis-In ferskynt

De folsleine redaksje fan it keatsblêd 'Wis-In' hâldt der mei op. It bestjoer fan de KNKB wol net fierder mei einredakteur Jan Braaksma. Der soe gjin betrouwen mear wêze.

Earder kaam der ek al in ein oan de gearwurking tusken Braaksma mei syn webside (www.knkb.nl) en it keatsbûn. De oare redaksjeleden stean achter Braaksma en hâlde der no mei op. Sadwaande sille de abonnees wachtsje moatte op it maart-nûmer fan 'Wis-In'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)