Red Devils moatte út kluphûs

26 maaie 2014 - 11:35
  • De Red Devils sitte rûnom yn Europa

De Red Devils moatte út it kluphûs op yndustryterrein op De Himrik yn Ljouwert wei. De gemeente hat de motorklup in brief stjoerd mei it boadskip de loads te ferlitten om't it net past yn it bestimmingsplan. Gjin inkele klup, sels gjin ytklup of damklup, heart thús op in yndustryterrein, seit de gemeente.

De Red Devils hawwe de gemeente witte litten net wiis te wêzen mei it beslút. Neffens in wurdfierder wurdt der allinnich mar sleutele yn de loads en is it boppedat gjin ûnderkommen.

De Red Devils binne ferbûn en tsjinstber oan de Hells Angels. Neffens de gemeente hawwe de hierders harren noch net skuldich makke oan kriminele aktiviteiten mar "voorkomen is beter dan genezen", seit boargemaster Crone.

Leden fan motorklups dy't oer de skreef gean, wurde op dit stuit hurd oanpakt. Yn Noard-Nederland hat de plysje ynstrukjes krige om der boppe-op te sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)