'Red de Sionsberg' oerfallen

13 nov 2012 - 22:43
  • De Sionsberg

De aksjegroep 'Red de Sionsberg' is oerfallen troch it berjocht dat sikehûs de Sionsberg yn Dokkum op 17 desimber de ôfdieling ferloskunde al slút. Dat is in healjier earder as de bedoeling wie. Yn in oerlis mei fertsjintwurdigers fan De Sionsberg en Nij Smellinghe yn Drachten is tiisdeitejûn by in regulier oerlis oanjûn dat de aksjegroep goed op de hichte bliuwt fan de gong fan saken en dat se der mei op tasjen sille dat de feiligens fan de soarch garandearre bliuwt.

Healwei desimber moat dúdlik wurde hokker pakket behannelings De Sionsberg kriget. Wol hat de aksjegroep te hearren krigen dat sa'n tachtich prosint fan it normale oanbod fan in sikehûs oerbliuwt yn Dokkum en dat it in klinysk sikehûs wurdt en net polyklinysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)