REC soarget foar omsetgroei

26 apr 2013 - 11:42
  • REC ôffaloven

De omset fan Afvalsturing Friesland is it ôfrûne jier mei in kwart omheech gien, nei in bedrach fan goed 83 miljoen euro. De groei komt foaral foar rekken fan de Reststoffen Energie Centrale yn Harns. De REC wie foarich jier foar it earst folslein yn bedriuw. De omsetgroei is fierder it risseltaat fan ferpakkingsôffal, dêr't folle mear skieden fan ynsammele is. Wol is oer 2012 it nettoconcern-risseltaat fan Afvalsturing mear as in miljoen minder as it jier dêrfoar, mar neffens it bedriuw komt dat troch ienmalige ynkomsten yn dat jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)