REC op de fingers tikke

23 aug 2011 - 16:15
  • Deputearre Sjoerd Galema

De provinsje hat Omrin op de fingers tikke oer de REC. As Omrin de administraasje fan de stoffen dy't yn de REC ferbaarnd wurde op 1 novimber net better op oarder hat, leit de provinsje in twangsom op.

Dat hat de provinsje yn it warskôgingsbrief witte litten. Fan alle leveransiers moat fêststeld wurde welke stoffen se oanleverje. Dêrfoar moatte de akseptaasjekritearia byhâlden wurde en dat wie oant twa kear ta net ynoarder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)