Reboeljeskopper meldt him

11 jun 2009 - 13:58

In Ljouwerter (16) dy't belutsen west hat by de reboelje nei Cambuur-Roda, hat him frijwillich by de plysje meld. It is de earste dy't út himself nei de plysje stapt. De jonge is daliks oanhâlden en ferheard. Wat krekt syn rol west hat wol de plysje net sizze.

De plysje hat yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht in dringende oprop dien oan reboeljeskoppers om harren te melden. Oars wurde foto's en bylden yn close-up op ynternet set en op televyzje fertoand.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)