Reboelje yn Snits

27 des 2009 - 15:15

In ynwenner (25) fan Arum is yn de nacht fan sneon op snein oanholden troch de plysje op fertinking fan mislediging. Dêrneist waard in oare ynwenner (24) fan Arum oanholden op fertinking fan baldiedigens.

Plysjes krigen in melding dat der foar in kafee yn de Kruizebroederstrjitte yn Snits fjochterij drige te ûntstean. Dêr stiene twa groepen tsjinoer inoar. In Arumer woe oant twa kear ta de oare groep opsykje. De plysje koe him nei mislediging en in wrakseling oppakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)