Reboelje wer op ien yn Top 100

31 des 2006 - 17:54

Omrop Fryslân stjoerde snein, Aldjiersdei, wer de Fryske Top 100 út. It nûmer 'Marije Maria' fan Reboelje stiet wer op nûmer ien. Dat is al sûnt it jier 2000 sa. 'In nije dei' fan De Kast stiet dit jier op it twadde plak.

6500 minsken ha dit jier har stim útbrocht. Yn 2005 wiene dat der 5500. Oer de hiele dei kamen der snein 3500 SMS'kes en 1500 e-mails binnen fan harkers en sjoggers. Dat is folle mear as yn 2005.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)