Reboelje om skoalbuske Surch

03 sep 2001 - 00:00

Ynwenners fan Surch binne lilk op de gemeente Wûnseradiel. Se wolle in hegere fergoeding foar it buske dat de skoalbern nei Peinjum bringt.

Boargemaster Piersma seit dat de Surgers al jild krije alhoewol't de gemeente dat net hoecht te dwaan, om't de ôfstân te koart is. As de gemeente Surch mear jild jout foar it buske, wolle oare doarpen dat ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)