Reboelje oer hoarekatiden Flylân

11 maaie 2005 - 09:31

De slutingstiden fan de hoareka op Flylân soargje foar in krisis op it eilân. De gemeenteried driget it folsleine kolleezje nei hûs te stjoeren om't dy de saneamde 1-2-3-proef net werhelje wol. De ried wol noch in kear mei dat systeem eksperimintearje.

It systeem hâldt yn dat om ien oere de lêste klanten binnenlitten wurde, om twa oere de muzyk útgiet en om trije oere elk nei hûs ta moat. Neffens b&w kinne twa oere de doarren wol op slot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)