Reboelje oer Gysbert Japikspriis

14 nov 2003 - 00:00

Deputearre Mulder soarge tongersdei by de útrikking fan de Gysbert Japikspriis oan Willem Tjerkstra foar reboelje. Mulder suggerearre dat de sjuery tenei oars gearstald wurde moat. Hy fynt it akademysk gehalte fan de sjuery dy't no beneamd wurdt troch de Fryske Akademy, te heech.

Foarsitter Piter Boersma fan it Skriuwersboun fynt dat Mulder in grutte misser makke hat troch de sjuery iepenlik te kritisearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)