Reboelje oer Alde Feanen

09 des 2004 - 15:19

It bestjoer fan doarpsbelang Earnewâld is opstapt fanwege de oanwizing fan de Alde Feanen ta Nasjonaal Park. De omlizzende doarpen wolle dat doarpsbelang in sit krijt yn it bestjoer fan it Nasjonaal Park en dat besluten unanym nommen wurde.

It bestjoer fan doarpsbelang Earnewâld fynt dy easken net helber en hat dêrom foarsteld se fan tafel te heljen. De leden giene dêr net mei akkoart en dêrom is it bestjoer opstapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)