Reboelje by Leefbaar Nederland

09 feb 2002 - 00:00

FNP-riedslid Matty Meester fan Skarsterlân hat har weromlutsen as kandidaat foar Leefbaar Nederland. Reden is de útspraak fan listlûker Fortuyn. Hy fynt dat artikel ien fan de grûnwet skrast wurde kin.

Op de kieslist fan de Fryske ôfdieling dy't freed gearstald is, stie Meester fjirde. Ek dat joech opskuor. Se wie as earste pleatst, mar dat waard ôfkard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)