Reboelje by hynstestamboek

05 mrt 2004 - 00:00

Frou Veenje-Samplonius is opstapt út de fertrouwenskommisje fan it Frysk Hynstestamboek. De kommisje is dwaande mei it finen fan nije bestjoersleden foar it hynstestamboek.

Frou Veenje is it net iens mei de wurkwize fan de kommisje. Bûten har om binne ôfspraken makke mei leden fan de groep fan ferûntrêsten. Dat binne de leden dy't it eardere bestjoer fregen om op te stappen fanwege de finansjele problemen by it hynstestamboek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)