Reboelje hâldt op fan bestean

04 nov 2003 - 00:00

De Fryske band Reboelje hâldt nei 17 jier op fan bestean. De fiif bandleden, oarspronklik út Wommels en omkriten wei, fine dat it tiid om der in punt achter te setten. Neffens bandlid Tjerk Bootsma is der gjin rûzje yn it spul, mar binne se ta oan wat nijs.

Reboelje wie fan grutte betsjutting foar de popmuzyk yn 'e Fryske taal. Net inkeld songen se yn it Frysk, se fierden ek rockopera's lykas De Brulloft en Gysbert op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)