Reboelje by De Schalmei

05 apr 2013 - 11:51
  • Foto fan in 'noflike jûn' yn De Schalmei

Besikers fan doarpshûs De Schalmei yn Hurdegaryp binne lulk op it bestjoer fan it multyfunksjonele sintrum dat yn it doarp komt. Se wolle dat de behearster fan it doarpshûs mei oergiet nei it multyfunksjonele sintrum. Mar yn de sollisitaasjeproseduere is de frou ôfwiisd.

De brûkers fan De Schalmei binne it dêr net mei iens. Sy binne benaud dat de goeie sfear dy't der altiten yn de Schalmei wie ferdwine sil as der in nije behearder komt. It bestjoer fan it sintrum wol neat sizze omdat de sollisitaasjeproseduere noch rint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)