Realisaasje histoaryske werf Makkum stiet faai

08 maaie 2015 - 20:15
  • It plak dêr't de werf komme moatte soe

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Súdwest-Fryslân doare de realisaasje fan de histoaryske werf yn Makkum foarearst net troch te setten. Se fine de finansjele basis fan it plan net goed genôch.

Ferline jier wie de gemeente noch posityf oer it plan fan de stichting WON Makkum foar in tradisjonele werf. Dêryn moatte ûnder oaren in dokumintaasjesintrum, in opliedingssintrum foar wurkleazen en in werf foar de restauraasje fan houten skippen komme. It moat in toeristyske attraksje wurde.

De gemeenteried mei noch oer it plan te set. As dy it plan ek ôfkart, kin WON Makkum noch yn berop by de Ried fan Steat. WON-Foarsitter Karel Helder is bot teloarsteld yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)