Reaksjes op Frisian Flag

11 apr 2014 - 18:28
  • F16

De lêste dei fan de ynternasjonale fleantúchoefening 'Frisian Flag' wie freed. Fleantugen út hiel Europa hawwe twa wiken lang op 'e fleanbasis Ljouwert oefene. Der binne in soad minsken dy't lêst hân hawwe fan de oefening. Marsum is ien fan de doarpen dy't ticht by de fleanbasis leit. De reaksjes yn it doarp wiene ferdield: foar de ien wie it in grut spektakel, mar in oar krige der 'pine yn 'e kop' fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)