Reaksje rapport brân Ljouwert

16 sep 2014 - 09:52

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert en wethâlder Isabelle Diks sille tiisdeitemiddei om 12.30 oere reagearje op it rapport oer de brân op de Kelders ferline jier oktober. De ynspeksje fan Feiligens en Justysje oerlange it rapport mei oanbefellings en learpunten al op 2 july oan de boargemaster.

Tiisdeitemoarn om 9.30 oere is de rjochtsaak tsjin de fertochte fan it feroarsaken fan de brân begûn. In 39-jierrige man út Drachten wurdt ferfolge foar brân troch skuld mei deadlike ôfrin. By de brân kaam in 24-jierrige studint om it libben.

Yn it rapport stie ûnder oare dat eigeners fan gebouwen har better bewust wêze moatte fan it feit dat sy ferantwurdlik binne foar de brânfeiligens. Ut it ûndersyk fan de ynspeksje die bliken dat net ien fan de gebouwen oan de minimale feilichheidseasken foldie.

It Iepenbier Ministearje bestudearre it rapport en besleat yn augustus om de eigeners fan de ôfbaarnde gebouwen oan de Kelders yn Ljouwert net te ferfolgjen. Ek de gemeente waard net strafrjochtlik ferfolge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)