Reaksje Provinsje op krimp: "Oanpak net langer frijbliuwend"

15 sep 2015 - 14:25

De provinsje wol ôf fan it praten en oerlizzen oer de oanpak fan de krimp. De kommende tiid sil der echt wat dien wurde moatte. Dat seit deputearre Johannes Kramer yn reaksje op in ûndersyk fan de Noardlike Rekkenkeamer.

De Noardlike Rekkenkeamer skriuwt dat hjir konkreet neat bart om de krimp oan te pakken. De Rekkenkeamer fynt dat it no tiid wurdt om serieus wurk te meitsjen fan de krimp.

De provinsje komt ynkoarten mei nij belied. Dat sil ynhâlde dat gemeenten mear dwaan moatte tsjin de krimp. It mei net langer frijbliuwend wêze.

Dat seit deputearre Kramer. It wurdt no echt tiid dat de krimp oanpakt wurdt, sa stelt Kramer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)