Reaksje DS op weryndieling

24 mrt 2011 - 18:06

It kolleezje fan deputearre steaten komt freedtemiddei mei in earste reaksje op it rapport fan de saneamde kommisje fan wizen. Dy kommisje hat twa wike lyn advys útbrocht oer de weryndieling fan de Fryske gemeenten. Fan de 27 gemeenten op de fêste wâl soene der neffens de kommisje njoggen oerbliuwe moatte. De waadeilannen bliuwe selsstannich.

Ferskillende gemeenten hawwe al sein dat se it net iens binne mei de plannen foar harren gemeenten

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)