Reakoekoekfearrige hin nei 100 jier werom yn Fryslân

28 jan 2015 - 22:10

In lytse groep fokkers hat der foar soarge dat der nei 100 jier wer in Fryske hin mei bysûndere kleuren yn Fryslân omrint. De saneamde reakoekoekfearrige hin mei read-wite streepkes wie útstoarn. Mar dat is no foarby.

Ien fan de leafhawwers dy't de kleur weromfokt hat, is Harm Jan Brink op 'e Feanhoop. De fûgel stie yn 1900 beskreaun as seldsum moai en dat makke Brink nijsgjirrich. Der binne noch net in soad reakoekoekfearrige hinnen en dat jildt ek foar oare soarten Fryske hinnen. Dat makket it wol wat kwetsber as der in sykte útbrekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)