Reahel: 'Provinsje oerfalt ús'

19 jan 2012 - 12:14

Bewenners fan it útbuorren Reahel by Stynsgea fiele harren oerfallen troch in brief fan de provinsje. Sawat tsien hûshâldens moatte ynienen 200 oant 300 euro hier betelje foar in stripe grûn by it Prinses Margrietkanaal. Se hawwe de grûn al 50 oant 60 jier yn gebrûk.

Tsien jier ferlyn is de wâlbeskoeiïng noch oanpast. Neffens de bewenners is doe ek nea oer in fergoeding foar de grûn praat.

No moandei is der in ekstra oerlis mei de provinsje, mar de bewenners binne net fan doel harren by de saak del te lizzen. De provinsje wol oant dy dei net útlizze, wêrom't no ynienen betelle wurde moat foar de grûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)