Reaharten nei Appelskea

09 jan 2014 - 15:16
  • De sinne komt op boppe it Drents-Friese Wold

Natoerbehearder Natuurmonumenten wol noch dit jier om tafel mei de streek om yn it Nasjonaal Park Drents Friese Wold oer de komst fan reaharten (edelharten) te praten. Dêrby sil ek in mooglike yntroduksje fan de harten besprutsen wurde. Oanlieding is de nasjonale enkête dy't Natuurmonumenten ferline jier hâlden hat ûnder de eigen achterban oer grut wyld.

Dêrút docht bliken dat de mearderhied it wol sitten sjocht om faker grut wyld tsjin te kommen; ek op plakken dêr't dat no noch net kin, lykas it Drents-Friese Wold.

Sadwaande wol de natoerbehearder no yn petear mei de pleatslike leden, besikers en de befolking. It gebiet is neffens Natuurmonuminten hiel gaadlik foar it edelhart. Earder hat de natoerorganisaasje him al keard tsjin it belied om wylde bargen en reaharten dy't op eigen manneboet it gebiet berikke ôf te sjitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)