Reagearje op ús nijsberjochten

22 sep 2008 - 15:40
  • Sa sjocht it reaksjefjild der út

Mei yngong fan moandei 22 septimber is it mooglik om on-line te reagearjen op it nijs fan www.omropfryslan.nl. De reaksjemooglikheid is net anonym. Minsken dy't reagearje wolle moatte harren earst registrearje mei in jildich e-mailadres.

Besikers fan de website kinne ek oanjaan wat se fan inoars reaksjes fine troch dy te wurdearjen mei ien pompebledsje (Hoe komst derby?) of fjouwer pompebledsjes (No sa!).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)