Readfonk op skoalle Jirnsum

24 nov 2010 - 12:39

Op de skoalle It Tredde Sté yn Jirnsum binne bern mei readfonk. De ynfeksje-sykte kaam earder in soad foar. Sa'n trije bern litte symptomen fan de sykte sjen. Readfonk is besmetlik.

It bestjoer fan de iepenbiere basisskoalle hat de âlden in brief stjoerd. Neffens GGD Fryslân wie readfonk sa'n 20 of 30 jier lyn in slimme sykte, mar is dat no net mear sa. Minsken kinne sels maatregels nimme troch hygiënysk mei bûsdoeken om te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)