Reade Tried: Wat is it nut fan nijjiersresepsjes?

07 jan 2015 - 06:00

Dat is de fraach hjoed yn de Reade Tried. Hast alle gemeenten en in soad bedriuwe en ynstellings organisearje oan it begjin fan it nije jier in resepsje, in buorrel of in oar ekskús om by elkoar te kommen en wat te iten en te drinken op kosten fan de baas. De boargemaster hâldt in taspraak, je nimme noch in gleske wyn en dan... Tsja, wat dan? Wat is no eins de funksje of it nut fan sa'n gearkomst? As je wat fan elkoar wolle, dan kin dat (al hielendal mei de technyske mooglikheden yn dizze tiid) op elts momint dat je dat wolle. Miskien is it wol hiel gesellich, mar is it ek net in bytsje jildfergriemerij?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)