Reade Tried: Wa docht by jo thús it húshâlden?

25 feb 2015 - 05:59
  • Reade Tried

Dat is de fraach hjoed yn de Reade Tried. Oanlieding is de 70e edysje fan de Huishoudbeurs yn Amsterdam. Dêr binne neffens de besikers hieltyd mear manlju oanwêzich. It publyk fynt de beurs yn de Rai ek hieltyd hipper, want der binne net allinnich mear manlju... Der binne ek hieltyd mear jonge minsken. De beurs duorret noch oant en mei 1 maart en sjoen it feit dat der dus hieltyd mear manlju geane nei wat earder echt in frouljusbolwurk wie, freegje wy ús of...

Wa docht by jo thús it húshâlden?

En binne de rollen miskien ek oars ferdield as earder? Hoe wie it eartiids en hoe is it no?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)