Reade tried: In LAT-relaasje is leuker

28 jan 2015 - 05:59
  • Reade tried

Dat is de stelling hjoed yn de Reade Tried. Minsken dy't allinnich wenje, binne lang net altyd single. Mear as tweintich prosint hat wol in partner, mar wennet der net mei yn ien hûs. It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) socht dat út fia in enkête ûnder minsken fan 18 oant 80 jier. Benammen froulju boppe de 40 binne net sa happich op it wenjen ûnder ien dak. Hast twa op de trije bliuwt leaver op harsels wenjen. Dat hat krijen mei it behâlden fan frijheid, sizze de minsken yn de enkête. Ek minne ûnderfinings út it ferline spylje in rol.

Wat fine jo? Sjogge je de sjarme yn fan Living Apart Together (LAT) of is it ultime dochs echt dat je elkoar alle dagen sjogge en by elkoar yn de buert wêze kinne?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)