Reade tried: Ik haw ferlet fan mear lokaal nijs

16 feb 2015 - 05:59
  • Reade tried

Dat is de stelling hjoed yn de Reade Tried. Op hieltyd mear plakken yn Nederlân krije minsken folle minder maatskiplik relevant nijs as earder. Der wurdt besunige op lokale en regionale media en dy soene dêrtroch minder goed yn steat wêze om it lokale bestjoer te kontrolearjen. It Stimuleringsfonds voor de Journalistiek hat dat ûndersocht. Oan jo de fraach oft jo dat byld herkenne. Misse jo hieltyd faker berjochten oer jo eigen gemeenteried bygelyks? En as dat sa is, wa kontrolearret dan it bestjoer?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)