Reade tried: Hokfoar enerzjylabel hat jo hûs krigen?

19 feb 2015 - 05:59
  • Reade tried

As je in keaphûs ha, dan hawwe jo him yn de ôfrûne dagen troch de bus krigen: de slûf mei dêryn it enerzjylabel foar jo wenning. Dat jout oan hoe enerzjysunich je hûs is. Label A is it meast sunich, label G it minst. Miskien hawwe jo it label fuortendaliks by it âld papier smiten, of binne jo no fan doel om sinnepanielen oan te skaffen, omdat je F of in G-label krigen ha. Hokfoar enerzjylabel hat jo hûs krigen, en: binne jo it dêr mei iens?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)