Reade Tried: Hoe preuts binne jo?

23 feb 2015 - 05:59
  • Reade tried

Dat is de fraach hjoed. It tiidskrift Quest die ûndersyk nei hoe preuts oft wy binne en kaam ta in tal klonklúzjes. Jongeren binne preutser as âldere leeftydsgroepen. Sy ferstjoere minder faak bleatfoto's en hawwe faker seks yn it tsjuster. Jeugd fynt it ek dreger om yntime problemen mei de húsdokter te bepraten. Der binne ek ferskillen tusken manlju en froulju. Manlju, bygelyks, fine it minder slim om yn in sauna kunde tsjin te kommen. Seis op de tsien enketearden doar net neaken troch hûs te rinnen as de húsgenoaten yn de buert binne, al dogge manlju dat wer makliker as froulju.

Hoe preuts binne jo?

Jo kinne hjirûnder reagearje of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)