Reade tried: De plysje moat swierder bewapene wurde

20 jan 2015 - 05:59
  • Reade tried

Dat is de stelling hjoed yn de Reade Tried. Terroristen brûke hieltyd swierdere middels by it plegen fan oanslaggen. De dieders fan de oanslach yn Parys hiene de beskikking oer in hiel wapenarsenaal. De plysje hat dat net en dêrom klinkt hieltyd faker de rop om ek de plysje de beskikking te jaan oer swierder materieel. Net eltsenien is it dêr trouwens mei iens. Fanút it leger, de kriichsmacht, wurdt sein dat soks hielendal net ferantwurde is. Plysjes binne dêr net mei traind, it leger wol.

De plysje moat swierder bewapene wurde in de striid tsjin terrorisme

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)