Reade tried: De gaskraan yn Grinslân moat ticht

14 jan 2015 - 05:59
  • Reade tried

De provinsje Grinslân begjint no sa stadichoan om de pear dagen te skodzjen: ierdbevings troch de gaswinnings. Dat smyt in soad skea op en de Grinslanners fine dat der no echt wat barre moat. De gaskraan is al foar in part tichtdraaid, mar dat is noch net alles. Der komt no in spesjale rykstsjinst foar bevingen. Grinslân en Den Haach prate noch oer de krekte ynfolling, mar der binne yn elk gefal trije ministearjes by belutsen: Ekonomyske Saken, Ynlânske Saken en Ynfrastruktuer en Miljeu. Oan de oare kant soene je sizze kinne... As de winning fan gas safolle problemen opsmyt, is it dan net better om der mar hielendal mei op te hâlden? Wy hawwe der mei ús allen jierrenlang fan profitearre, de Grinslanners sitte no mei de ellinde. Allinnich al út solidariteit soene wy sizze kinne:

De gaskraan yn Grinslân moat ticht of is dat gas dochs te wichtich tinke jo?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)