Reade Tried: Bern fan 3 nei skoalle. Is dat in goed idee?

10 feb 2015 - 06:00

It idee komt fan PvdA-lieder Diederik Samsom. Hy tink dat troch bern earder nei skoalle te stjoeren de kleau tusken bern út gesinnen mei in hege oplieding en dy mei in lege oplieding earder lytser wurdt. Je moatte net tinke dat dy bern dan fan moarns njoggen oant middei trije mei de earmkes oer elkoar yn de skoalbanken sitte moatte. It giet om fiif deidielen wêryn't de bern ek leare mei elkoar om te gean en om te gean mei bern mei in oar basisnivo.

Is dat in goed idee of binne dy bern dêr fierstente lyts foar?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)