Reade tried: Alden moatte har net bemuoie mei skoalle

04 feb 2015 - 05:59
  • Reade tried

Dat is de stelling hjoed yn de Reade Tried. It liket wol as bepale de âlden hjoed-de-dei hoe't it der op skoalle om en ta giet. Yn Aldebiltsyl moast de basisskoalle moandei sels ticht fanwege in heechoprinnend konflikt tusken âlden, learkrêften en direksje. Ien fan de juffen moast fuort en dêr wiene de âlden it net mei iens. Yn Dokkum binne der problemen op de Boargerskoalle. Dêr fersetten âlden har tsjin it opstappen fan de direkteur. Der is in ynterim-direkteur, mar dy akseptearje de âlden net. Binne it ynsidinten of is der mear oan de hân? Binne âlden te mûnich en bemuoie se har tefolle mei it ûnderwiis? Of is krekt goed dat âlden sa belutsen binne? Se komme op foar de belangen fan har bern.

De stelling fan hjoed: Alden moatte har net tefolle bemuoie mei skoalle

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)