Reade poppen op teater De Lawei yn Drachten

20 maaie 2015 - 14:15
  • rûnlieding giet troch grutte seal

Skouboarch De Lawei yn Drachten is toaid mei goed fjirtich reade poppen. De figueren stean boppe op it nije teater, dat takom sneon offisjeel iepene wurdt. Earder dûkten der ek al fiif reade poppen op op ferskate dakken yn it Drachtster sintrum. Ien fan dizze bylden, in man dy't in skaal fêsthâldt mei dêrop in holle, soarge foar in soad opskuor. Guon minsken assosjearren it byld mei in IS-strider.

Woansdeitejûn krigen VIP's, bedriuwen en sponsoaren in rûnlieding troch it nije gebou. Dêrby waard útlein wat de poppen foarstelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)