Reade pandatwaling berne

08 jul 2011 - 16:49
  • De lytse reade panda's

Yn Aqua Zoo Friesland is in reade pandatwaling berne. Dat is in bedrige diersoart dy't út it Himalayageberchte komt. It is noch mar ien kear earder bard dat de bistetún yn Ljouwert dêr in berte fan meimakke hat. De reade panda is yn tsjintselling ta de reuzepanda lyts en mar sa'n fiif kilo swier.

De kommende acht wiken wurde de lytse bisten goed beskerme, omdat in soad reade panda's koart nei de berte deagean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)