Reade Krús wol mobile EHBO-posten ynsette foar flechtlingen

04 jan 2016 - 06:12

It Reade Krús sil mooglik mobile EHBO-posten ynsette moatte om flechtlingen op strjitte te helpen. As der gjin bêden mear binne yn opfanglokaasjes, sille minsken op strjitte libje moatte. Dan giet it om jonge, sûne manlju dy't sterk genôch binne om dit oan te kinnen.

It is in needsenario fan it kabinet dat yn novimber útlekte. As der gjin plak mear wêze soe yn opfanglokaasjes soene minsken mei wat bûsjild de dyk op stjoerd wurde. De ferwachting is dat de flechtlingestream dit jier net minder wurde sil.

Krisisopfang yn bygelyks sporthallen bliuwt nei alle gedachten nedich, seit Henk Vellinga fan it Reade Krús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)