Reade Krús sammelet yn Drachten guod foar flechtlingen yn

01 mrt 2016 - 12:57

Yn Drachten wurdt in nij distribúsjesintrum fan it Reade Krús iepene. Der sil helpguod ynsammele wurde foar de flechtlingen yn ús lân. Noch net in moanne lyn waard it foarige distribúsjesintrum fan it Reade Krús yn Drachten sletten, mar no is der dus alwer in nij sintrum. Dizze kear wurdt der gearwurke mei de distrikten Grinslân en Drinte.

Neffens Fetsje Boorsma is it no rêstich mei de stream flechtlingen dy't nei ús lân komt, mar kin dat samar feroarje.

Om klear te wêzen foar in nije groep flechtlingen wurdt der no dus fêst guod ynsamele troch it Reade Krús yn it nije distribúsjesintrum yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)