Reade Krús oefenet mei rêdingshûnen yn Drints Fryske Wold

27 feb 2015 - 07:26

De Reade Krús ôfdielings fan Smellingerlân/Achtkarspelen en It Hearrenfean hâlde 14 maart in oefening yn de Frysk/Drintske bosken. De oefening wurdt dien yn gearwurking mei de Rêdingshûnegroep Drinte en Steatsboskbehear fan it Drintsk Fryske Wold. Yn de bosk wurdt oefene mei it sykjen nei fermiste persoanen of slachtoffers.

De bedoeling is dat in part fan de frijwilligers fan it Reade Krús de slachtoffers spylje. De oare helte helpet mei om de slachtoffers dy't fûn wurde troch de speurhûnen nei in sintrale post te bringen.

It is de earste kear dat beide partijen tegearre in oefening hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)