Reade Krús helpt Laos

08 sep 2010 - 12:14

Ynwenners fan de provinsje Sekong yn Laos ha it de lêste jierren wat better krigen troch help út Fryslân. De Fryske ôfdieling fan it Reade Krús helle 115.000 euro op foar nije wetterputten en sûnenssoarch. Mei dit bedrach nimt Fryslân hast in tredde part fan it ûntwikkelingsjild dat nei Laos giet foar har rekken.

In meiwurker fan it ynternasjonale Reade Krús krige tiisdei in sjek yn de hannen. Foar de kommende jierren is al wer 15.000 euro ophelle foar Laos.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)