Reade Krús: Fryske frijwilligers wegerje net

27 nov 2015 - 22:11

It Reade Krús yn Fryslân werkent him net yn de berjochtjouwing fan de NOS oer it feit dat 20 prosint fan de 1.300 ûnderfrege frijwilligers fan it Reade Krús Nederlân gjin flechtlingen helpe wol.

Neffens distriktsfoarsitter Peter de Vos fan it Reade Krús Fryslân, binne der yn Fryslân gjin frijwilligers dy't prinsipieel wegere hawwe om flechtlingen te helpen. De Vos seit dat yn Fryslân just in hiel soad minsken posityf binne om te helpen en dêrmei ek in soad betsjutte kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)