Reade keatsballen gjin súkses

05 aug 2007 - 16:36

It eksperimint mei reade keatsballen op de haadklasse keatspartij yn Wytmarsum wie snein gjin súkses. De keatsers hiene grutte beswieren tsjin de reade ballen. Dy wiene yn kombinaasje mei de fûle sinne net goed te sjen. Boppedat woene de keatsers earst de kâns hawwe om in kear mei de reade ballen te trainen.

De skiedsrjochter makke dêrom nei tsien minuten mar in ein oan it eksperimint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)