Reade kaart Veerman, Roda JC nije tsjinstanner Hearrenfean

29 okt 2015 - 21:48
  • Henk Veerman mei syn kopgoal
  • Henk Veerman krijt de reade kaart

Hearrenfean oanfaller Henk Veerman wie nei ôfrin fan de bekerwedstriid tsjin Helmond Sport de meast besprutsen spiler. De Volendammer soarge yn de 45e minút foar it iennichste doelpunt, mar krige yn de slotfaze in reade kaart neidat hy in oertreding makke mei de earmtakke. Veerman mist dêrtroch de wedstriid tsjin Cambuur. Hearrenfean oerwaget om yn berop te gean, yn dat gefal soe Veerman wol meidwaan kinne yn de Fryske twastriid. Troch de winst op Helmond Sport sit Hearrenfean by de lêste 16 yn it bekertoernoai.

Nei de lotting waard dúdlik dat SC Hearrenfean yn de achtste finale (de lêste sechstjin) nei Kerkrade moat foar de wedstriid tsjin Roda JC. Dy wedstriid wurdt spile op 15, 16 of 17 desimber fan dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)