Reade kaart foar Gert Kruys

27 nov 2000 - 12:19

Cambuurtrainer Gert Kruys hat sneon in reade kaart krige. De Ljouwerters kamen út tsjin hekkesluter Haarlem. Lange tiid stiene se mei 0-1 foar troch in goal fan Sandor van der Heide. Pas yn 'e 85e minút foel de gelykmakker.

Op in stuit bemuoide Kruys him mei in beslút fan 'e grinsrjochter. Doe hie de skieds syn nocht en moast er nei de tribune. Vergoossen krige ek read.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)