Reade boekebeam Stania State moat kapt wurde

27 jan 2015 - 06:52
  • Stania State

Ien fan de bekendste beammen fan Stania State yn Oentsjerk, de reade boekebeam, wurdt kapt. De beam is dea en stiet al te rotsjen. Hy is oantaaste troch swammen. Yn 2013 hat behearder Steatsboskbehear noch besocht de beam te rêden troch it deade hout fuort te heljen, mar it hat net mear holpen.

De boek stie nei alle gedachten al sûnt de oanlis fan de tún yn 1821 op syn plak. Steatsboskbehear set in nije boek del, om't de beam ûnderdiel is fan de monumintale status fan de tún.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)